FAN OER SEE EN FIERDER
In brief, in flecht, in kommen ûnder de golfplaten
Fan ús hutte yn in hôf fan oliven ferburgen,
Yn ’e middei op in eilân yn ’e weagen fan
In mediterrane archipel: alve dagen do
Waarm en ryp as de fruchten dêr’tst mei komst. Eagen dêr’tst
In man it swartst ljocht mei ferreagest hasto en eat fan
It Hollânsk fleanen om ’e mûle dat him deljout
As it hite kalkstof fan it paad dat dy brocht hat en
Yn himsels weromgiet mei de blauwe trekker út
It seedoarp wei, trekker, ûnderweis nei de see werom.
Nei it reade drinken op it alter fan it grien
Oliveskaad, by de liddige put yn de folle
Sinne, mei sicht op wat ús besjocht, ezel en frou,
In team stienkoalejapanskpratende kalkoenen neist
In twahûndertfyftich cc Suzuki, reedzjend
Oer de twa faasjes fan it eilân, of, laitsjend, it plak
Fan twa freondinnen en in man op ’e âldmotor
It sûzjend slingerpaad del nei de rûzjende baai mei
Syn oardelmeters weagen sûnder wyn, net in sucht,
Fan in fiere stoarm, fan in juster foar altyd, de see.
En mei dyn dûnker glimmend gesicht, dat no weach nei
Weach it wyt koraal fan ’e tosken bleatkryt nei stille
Eagen ûnder de griene jagershoed fan ’e kust
Stietsto oant de ankels yn de see syn ynlutsen búk,
Tusken twa as in souvenier stjurre weagen,
Yn in skitterjende skulpen skaal fan ovaal blau glês,
It strak slim wyt swimpak oant op de dûnkere o
Fan ’e heupen delstrûpt, de boarsten ferskriklike bleat
En de earmen al kapitulearjend foar de drift
Fan it wetter, do Karaïbyske Afrodite.
Tagelyk tasprutsen en lokke troch de nammen
Fan ’e skippen yn ’e simmerhaven dy’t Hercules
Seghers in pear foargoed útfearne ieuwen ferlyn
Mei fine streken fan ’e pinne fêstlei – Zakynthos,
Kilini, Kastor / Pollux, Stardust, Aspropirgos –
Stietsto yn ’e sinne fan septimber en seewyn dy’t
Fernimber mei dyn lange wite simmerjurk, as
Jachtbút fan dyn oerjûne foarmen, útnaaie wol, op
Hege hakken, hân yn ’e side, op ’e muorre
Tsjin de winterstoarmen fisker’s netten út te daagjen.
Jûns, hoenear’t skimer as niis skiep en skieppehoeder
Troch de oerâlde olivehôven fan ’e ynkear
Wâlet, hoenear’t de golfplaten hutte waarmer wurdt
As de stiennen put neist de deastille stuollen, hoenear’t
De boeven fan it libido nacht syn finzenis
Al bespegelje, krijsto, neaken oant op ’e skamte,
In swarte slange beet en rekkest yn gefjocht mei
Wetter (swart glês dat dyn swart liif noch swarter makket), en
Mei ús, wylst it ús, kâld, de seesâlt fan de kjelle
Hûd spielt en genot yn spuitsjen raze en reine lit.
It dûknekkich tsjuster, dat rûkt nei hout en see, slút
(Holpen troch de hûnen dy’t op harren keatlings gromje)
De hôven ôf, lit los de rotten en út it rom
Fan in djipsonken skip de moanne, op ’e râne fan
De pûlemûljende put nei it ûnfersteanber
Praten harkjend fan twa inoar klaaiende freondinnen,
Geregeld smoarend yn in allessizzend laitsjen
Ut de hutte wei, en rûkt troch it tinken oan see en
Hout hinne ûnferhoeds de geur fan nije bosken
Hier en frjemde blommen dy’t kleuret dit stomdom tsjuster.
Under de pergola fan ’e salamander en
Ripe druvetrossen, dy’t in âld-testamintysk byld
Foar eagen tsjoenje, yn it skynsel fan spoekdûnsjend
Waxineljocht tsjin ’e âldmuorre bekwattele mei
De homearyske hantekening fan Kyrios
Seismos, dwaalsto, mei dyn krektoandiene wite dûnsjurk,
Dyn longerjende folle lippen fan dit eilân
Wei nei dyn Karaïbysk, mei dyn hannen dy’t drokkeroan
Syn skiednis, dyn oarsprong, beskriuwe, en eagen fan fjoer
Dat ea by nacht in skip oanloek fan poerfrjemd kontinint.
En letter, yn de pûsterige opwining fan
It earmoedich ferljochte feest fan oksen, rammen,
Bokken fan boeren, skieppe- en geiteslachters út
It doarp syn ûntuchtige heuvels, sylsto al dûnsjend
Yn de Spaanske earmens fan in strâne seekaptein
(Dy’t ea oan Sily’s njirrebrod ûntkaam, okkerdeis noch
Sa grutsk as in pau mei twa njirren oan in toutsje
It doarp ferbjustere) flinterlicht de nacht yn, seeën
Oer om – o stjerren – leafdes skipbrek te lijen, as
Brief yn ’e flesse oan te spielen op dyn Curaçao:
O Mai, sa stjerrende stil is ’t, as mei wetter fan
Glês om my hinne en stomme fisken mei, o, de bek
Op it wiidst iepen ûnder de sliepende kust fan
Koraalspecht, stil as de kriki en de nacht dy’t swier is
Fan him en djipwei wrottend deiljocht, dat my opnimt,
Iere betiid, by Fort Nassau, dêr’t de wyn fan boppen
Komt om dyn ûnderkommen te sykjen yn Santa
Rosa, stil as dizze letters yn dyn skerte, yn ’e tún
Fan mango’s goudgiele trânsparante tango mei
De proastige noardeastpassaat fan oer see en fierder.
Lykme allinne, as de skrutene leguaan
Op ’e sintebibu yn ’e sinne fan de middei
(Dy’t alle dagen de rappe dei yn twaën dreamt),
Tusken de foarse kaktussen, myn hert. Mar ik sjong, swing
Troch de nacht, stim en yngewant fan in havenstêd
Mei de azem fan fisk en see, manlju’s blauwe weemoed,
De leginde fan in blanke hân, in seemanshân
Op myn swart him hifkjend skouder, dat bûgje kin mar taai
Is as de watapana, fan it bûnzjend wachtsjen
Fan myn wêzen as in faam ûnder de tamarinde.
En rûzjend yn ’e branning fan beide eilannen
(Soe it koark de geast noch yn ’e flesse hâlde?) myn bloed
Dat my ûngemurken it tinken benimt, my bringt
Nei see, doch net mear wit fan wa’t it kriten (fan de bern
Op it strân, seefûgels om ’e fisk of dolfinen
Yn ’e baai) noch is – oant yn it sân fan myn dreamen al
Myn alve krobben al widzjend al te sjongen stean:
‘Ken’ ken’ nos ke tuma ke tuma ke tuma, ken’, ken’’,
Yn in krinkje yn in skimer ûnder in beam by
In put yn in wolken boppe in skip yn in flesse.