KELDER
at se achter har heart hoe’t in hân de klink betaast
de fear yn de keldersdoar spant plûmpt de blauwe slok
spiritus noch net fermongen mei har flibe
yn ’e búk fan de plestik flesse werom sakket
de moed har wer yn de skuon rint har kop read oan draait
se de dop derop faget mei de achterkant fan de linker
hân rimpele oer de mûle en begjint pas te
azemjen yn de sêfte eagen fan har dochter
dy’t har feint mei in lêste tút nei hûs stjoerde en
har mem net sitten seach yn ’e stoel de swarte kop
fan ’e kachel swier getten izer ûnbeset
de waarmte socht in plak yn it witten fan har
fingers op de kelderstrep in foarsichtich kreakjen
mem leit noch net op bêd tocht se beweecht derhinne