previous | next
 
 
 

DECEMBER IS THE COOLEST MONTH
Net earder hie de moanne roetkâld west.
Foar him kocht ik keningsblauwe moffen.

Us earste dei spile er Satie. Lok wie it,
in finsterbank, tsien fingers yn ’e romte.

Hannen fleagen oer houtdonker en ivoar,
wjerljochten op iiskristal. De toan ûntstie.

Sa’t wy dêr doe letter foar it rút stienen.
Wyt, wintermuzyk wienen wy, waarm ek.
DECEMBER IS THE COOLEST MONTH
Never before had the moon been freezing cold.
I bought a pair of royal-blue mittens for him.

Our first day he played Satie. Pure happiness,
a windowsill, ten fingers flying through space.

Hands darted over ebony and ivory, glinted off
ice crystals. The tone not just set but made.

The way we stood there, later, by the window.
White, winter music we were, and warm too.