SITAAT I
hân do dochst te min
dat wit it fjoer dat wachtet
dat wit it wurk dat leit
hân
de kerrel sân ûnder de simmerfoet
de snieflok yn `e bernehân
it droege hert yn de bange minskelea
it tydlike yn it tydlike
dêr't ik fan miende dat it
frege om in minskehân
hân do nimst my net serieus
en alles dochst heal
útsein sear dan bist as koraal
dan stekst as stien
hân wêrom stiet net dy oar
har namme op dyn rêch
en wol myn ferhaal yn dyn búk
simmerfoet yn de kerrel sân
bernehân yn de snieflok
it tydlike as sykte yn it bolle
goade-each dat kreaket
en knypt
knypt en kreaket
fielt plak siket en stjert
hân do dochst te min
en alles datst dochst is lykas seks
it groeit en liket alle dagen mear
fertroud lit it in gerdyn del
as in hân sa min
sa hân
hân